Meters heech byld pleatst yn Koepelbosk by Aldeberkeap

Yn it Koepelbosk by Aldeberkeap is tongersdei in 7 meter heech byld pleatst. It is in monumint foar de saneamde koöperative gedachte. Hoe't je mei elkoar saken ta stân bringe kinne en dat trochjouwe oan de takomstige generaasjes.
De pleatsing fan it gefaarte fan mear as 7000 kilo ferrûn sûnder problemen. It is in koepel mei ôfbyldingen fan minsken dy't inoar fêsthâlde en dy't bern op de skouders drage. Der stiet in bankje yn, dêr't noch tegels op pleatst wurde mei logo's fan alle koöperaasjes út de omjouwing en út Fryslân.
De koepel fan 200.000 euro is betelle troch leden en klanten fan de eardere Coöperatieve Voorschotbank Oldeberkoop. Dy hat oandielen ferkocht en dat jild brûkt kapitaalbehearder Kring van Bercoop no foar ferskillende projekten. Dit byld moat ûnderdiel wurde fan in kuierrûte mei mear keunstwurken dy't ferwize nei de mienskipssin yn de regio.