FIDEO: Kilometers kuierje oer âlde kleasterpaden

07 sep 2017 - 06:45

In spesjaal boek en in app moatte de âlde kleasterpaden fan Fryslân wer ûnder de oandacht bringe. De stichting Lytse Marren wol sa nije groepen toeristen nei Fryslân helje. Neffens foarsitter Harold Visser makket it saneamde spiritueel toerisme in grutte groei troch. Fryslân soe dêr mear fan profitearje moatte. Ek soe Fryslân mear ynsette moatte op kuierders. De âlde kleasterpaden moatte dêr foar soargje. Lytse Marren hat der in spesjale tocht fan makke: it Sint Odolphuspaad. Dat is in kuiertocht fan rom 240 kilometer dwers troch de provinsje hinne. De kosten fan it projekt wurde rûsd op 145.000 euro. Begjin takom jier moatte it boek en de app klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)