Foarljochtingsjûn oer fleanfjild Lelystêd foar Súdwesthoeke
Ynwenners fan de súdwesthoeke fan Fryslân kinne tongersdei 4 oktober nei in foarljochtingsjûn oer de gefolgen fan de komst fan it fleanfjild by Lelystêd. De jûn is in inisjatyf fan it ministearje en is bedoeld om fragen te beäntwurdzjen, de rûtes ta te ljochtsjen en nei de minsken te harkjen. It is de bedoeling dat Lelystad Airport yn april 2019 iepengiet. It fleanfjild soarget foar mear banen, mar ek foar oerlêst. Minsken moatte har yn it foar oanmelde foar dizze jûn.