Sven Kramer wint foar twadde kear de Oscar fan it reedriden

© ANP
Reedrider Sven Kramer hat foar de twadde kear yn syn karriêre de Oscar Mathisen Award wûn. De priis wurdt alle jierren útrikt oan de reedrider mei de meast bysûndere prestaasje fan it seizoen. Sven Kramer krijt de Oscar yn it reedriden foar syn gouden race op de 10 km by de WK ôfstannen yn Súd-Koreä. Hy sette hjiryn in tiid del fan 12.38.89, in persoanlik rekôr. De foarige kear dat er de priis wûn wie yn 2007.
Sven Kramer waard it ôfrûne seizoen ek wrâld- en Europeesk kampioen allround.
Oare mearfâldige Oscar-reedrydpriiswinners binne Ard Schenk (3 kear) en Kees Verkerk (2 kear). De Oscar Mathisen Award wurdt sûnt 1959 útrikt.