Poalske bemanningsleden betocht en begroeven

Trije Poalske bemannningsleden fan de delstoarte Vickers Wellington binne woansdeitemoarn betocht yn in tsjerketsjinst yn Amsterdam. It giet om Socharski, Sikorski en Pisarski. By de betinkingstjinst binne in soad militêren út Poalen oanwêzich en ek famyljeleden fan de omkommen mannen.
Yn maaie 1941 waard de Britske bommewerper boppe de Iselmar by Gaasterlân delsketten. Ferline jier is yn de simmer it fleantúch út it wetter helle. Dêr is doe in part fan de Iselmar foar drûchlein. Doe binne ek de twa stoflike resten fan de bemanningsleden oantroffen. Dy beide binne letter op de dei begroeven. De tredde persoan wie earder al begroeven, mar koe mei it boppe wetter heljen fan it wrak lang om let identifisearre wurde.
Yn Aldemardum is woansdeitemiddei noch in ynformaasjepaniel ûntbleate by it monumint dat earder al delset is. It waard ûntbleate troch famylje fan de Poalske bemanning fan de bommewerper. Op it paniel wurdt it ferhaal fan de crash ferteld, mei mear ynformaasje oer de bemanning, it fleantúch en de berging.