Grinslân: "Set mear wynmûnen boppe de Waadeilannen"

Wynmûnen yn see © Omrop Fryslân
De provinsje Grinslân trunet minister Kamp fan Ekonomyske Saken oan om mear wynmûnen boppe de Waadeilannen te pleatsen. Dat lit de provinsje yn in brief oan de minister witte as reaksje op de enerzjy-aginda fan it Ryk. It provinsjebestjoer is der fan oertsjûge dat in wynmûnepark op dat plak folle mear enerzjy opleverje kin as op lân. Boppedat draacht it neffens de provinsje Grinslân ek by oan in takomst sûnder ierdgas en leveret it hûnderten banen yn de bou en it ûnderhâld fan de wynmûnen op.