Justysje easket selstraf foar pear dat kapitaal fergriemt

De rjochtbank yn Ljouwert © ANP
Tsjin in echtpear út Ferwert is fjouwer moanne sel en in wurkstraf fan 240 oeren easke. De twa hiene yn in pear moanne tiid it jild der trochhinne jage dat de ferkeap fan it hûs fan de mem fan de frou opsmiten hie.
It stel jûch 140.000 euro út oan lúkse guod lykas juwielen, in auto en nije meubels. Se soene der ek skulden mei ôflost ha. De mem hie der gjin tastimming foar jûn.
De mem spande in sivile saak oan tsjin har dochter en skoansoan. Dy hat se wûn. It stel moast alles werom betelje. En no hinget se dus ek noch in straf boppe de holle.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.