Ljouwerter wol earder nei finzenis fanwege boekte fakânsje

Finzenis © Omrop Fryslân
In 44-jierrige Ljouwerter woe sa graach nei de finzenis, dat er moandeitejûn in nepmelding foar in rûzje die. Doe't aginten om 9 oere hinne by de Tynjedyk yn Ljouwert oankamen en seagen dat der gjin rûzje wie, hiene se fragen foar de melder. Dy sei dat er noch nei de finzenis moast. Hy woe foarkomme dat er syn boekte fakânsje fersette moast en woe dêrom no al mei de plysje mei. De man is oanhâlden.
De plysje advisearret oare minsken dy't noch de sel yn moatte, om harren gewoan te melden op it plysjeburo.