Skilders moatte oanmeitsje om troufeest op te rêden

It âlde stedhûs fan Frjentsjer stiet dizze moanne yn de stegers. It hout oan de bûtenkant wurdt ferve, en der moatte hjir en dêr ek wat reparaasjes útfierd wurde. De wurksumheden moatte healwei oktober klear wêze, al is it de bedoeling dat de foarkant fan it gebou earder klear is. Ein septimber binne der minsken dy't graach trouwe wolle yn it âlde stedhûs.
It is tsien jier lyn dat it stedhûs opknapt is. It wurk wurdt dien troch in skilderbedriuw út Frjentsjer. Gewoanwei skilderet dat bedriuw allinne de binnenkant fan it stedhûs, mar foar de earste kear meie de meiwurkers no de bûtenkant fan in nije fervelaach foarsjen.