Opknapbeurt foar Minnertsgea set nije wike útein

De provinsjale dyk troch Minnertsgea wurdt fan nije wike ôf oanpakt. De dyk wurdt feiliger makke, it asfalt wurdt ferfongen en der komt in pleintsje midden yn it doarp. In part fan de dyk wurdt aanst in 30-kilometersône. De werynrjochting duorret goed twa moanne. Yn oktober is de dyk in skoft ôfsletten foar trochgeand ferkear, dat wurdt dan omlaat. Fytsers en kuierders kinne der wol del.