Spesjaal hûs foar minsken mei demintens en mantelsoargers
Hieltyd mear minsken krije te meitsjen mei demintens. Net allinnich pasjinten sels, ek de minsken om harren hinne. Foar alle belutsenen besykje de saneamde 'Odense-huzen' stipe te bieden. Yn Ljouwert hawwe de Kwadrantgroep, De Friesland Soarchfersekerder en hegeskoalle Stenden in gearwurking yn it Odense-hûs, al draait dat noch yn in proefjier. De proef is úteinset yn in dielde romte yn wyksintrum Nijlân, mar sûnt moandei sit it op in eigen stek oan de Eebuert yn 'e stêd.
"Het huis is bedoeld voor mensen met beginnende dementie en hun mantelzorgers. Het moet vooral een gezellige omgeving zijn waar mensen op een laagdrempelige manier hun verhaal kwijt kunnen, een kopje koffie kunnen drinken of een spelletje kunnen doen", fertelt Niels Nijdam fan it Odense-hûs yn Ljouwert. De ynstelling wurket boppedat mei studinten fan de oplieding SPH op hegeskoalle Stenden, dy't staazje rinne kinne yn it Odensehûs. "Studinten wurde ûnder oare ynset foar it 'maatjesprojekt', dat kin ek by minsken thús plakfine," sa fertelt projektlieder Jinke Dros fan it maatsjesprojekt Kammeraat.