Kooiker Groep Grou wurdt oernommen troch Lok en Visser

04 sep 2017 - 14:16

De Kooiker Groep Grou wurdt op 1 jannewaris 2018 oernaam troch Siedo Lok en René Visser. By de groep binne ûnder oare Althuisius, Kooiker Uitzendbureau en Mango Fryslân belutsen. Siedo Lok wurket sûnt febrewaris 2016 as direkteur by it bedriuw, en set mei de oername in nije stap yn syn karriêre. René Visser wie oant no ta algemien direkteur fan it logistike bedriuw Portena Logistiek fan It Hearrenfean.

Visser en Lok keapje beide 50 prosint fan de oandielen yn it bedriuw. De hjoeddeistige eigener Lútsen Melein hâldt op 1 jannewaris 2018 op, mar bliuwt wol belutsen by it bedriuw as eigener fan it ûnreplik guod en adviseur. "Ik moat nei myn 65e ek wat te dwaan hâlde, dan kin ik dat noch wat beheare en dit is krekt wat foar my", sa seit Melein.

De Kooiker Groep hat mei-inoar sa'n 90 frachtauto's op de dyk. Der wurkje mei-inoar sa'n 130 minsken. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)