Partoeren mei wikselspilers stride om krânsen yn Penjum

03 sep 2017 - 18:52

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Kees van der Schoot en Tjisse Steenstra hat it keatsen yn Penjum wûn. Yn de finale spilen se tsjin Marten Bergsma Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei 5-4 en 6-6 wie it Kees van de Schoot dy't mei in boppeslach de winst binnenhelle. Tjisse Steenstra waard kening.

Kees van der Schoot foel yn foar Taeke Triemstra, dy't yn de earste omloop útfoel mei in blessueare oan it ankel. PC-kening Kootstra kaam fan de heale finale ôf it perk yn foar Patrick Scheepstra, dy't yn de warming-up ek lêst krige fan it ankel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)