Frou (20) stelt sieraad fan 12,99 út Ljouwerter winkel

Plysjes begeliede in fertochte nei de sel (âlde foto) © ANP
De plysje fan Ljouwert hat dit wykein in 20-jierrige frou oanholden. Se hie stellen út in winkel op de Nijstêd. It gong om in sieraad mei in wearde fan 12,99. Se moat no in boete betelje fan 200 euro.
Horloazje
Plysjes ha ek in 54-jierrige man út Opsterlân oanholden foar stellerij. Befeiligers hienen him trappearre doe't er in horloazje stelle woe, út in winkel oan de Nijstêd. Dizze man moat yn desimber foar de rjochter ferskine.
Fleis
In 32-jierrige Ljouwerter hat dit wykein ek besocht om guod út in winkel mei te nimmen sûnder te beteljen. Dat is him net slagge. Hy waard trappearre doe't er mei 60 euro oan fleis útnaaie woe út in winkel oan de Tijnjedijk. Hy is oanholden, en moat in taakstraf útfiere fan 16 oeren.