Boeren kinne helpe by ekologyske haadstruktuer

De provinsje ûndersiket oft ek boeren en net allinnich natoerbehearders oan 'e slach kinne mei nij oan te keapjen grûn yn de ekologyske haadstrukteur. Dy ekologyske haadstruktuer is in netwurk fan besteande en nije natoergebieten. Trochdat planten en bisten oer dit netwurk reizigje kinne, wurdt de natoer minder kwetsber.
Foar it oankeapjen en benammen it behearen fan nije natoergebieten hat de provinsje lykwols net genôch jild útlutsen. De nije natoergrûn wurdt no foar de folle agraryske wearde oankocht en foar folle minder jild as natoergebiet levere oan in natoerbehearder dy't ek nochris in fergoeding krijt om it te behearen.
Nei foarbyld fan de provinsje Brabân wol deputearre Johannes Kramer no ûndersykje oft boeren dy't oan saneamde natoerynklusive lânbou dogge, ynset wurde kinne. Dat soe foar de provinsje folle goedkeaper útpakke en je stimulearje in foarm fan lânbou dy't better is foar de natoer, sa is de gedachte.