13-jierrige Stijn "te jong" foar helphûn

© Help Stijn aan een Hulphond
Yn Marrum is in aksje opset om in helphûn te krijen foar de 13-jierrige Stijn. Hy rekke swier handikapt doe't hy op 7-jierrige leeftiid stutsen waard troch in mich en dêrnei in ferkearde medyske behanneling krige. Hy hat dêrtroch no lêst fan epileptyske oanfallen. In helphûn soe syn libben en dat fan syn âlden en twa suskes in stik makliker meitsje, mar om't Stijn sa jong is wol de fersekering it net fergoedzje. Syn suske is mei in groep freonen no in helpaksje begûn om jild yn te sammeljen.