Aris ferliest fan Donar yn earste oefenwedstriid
De Ljouwerter basketballers fan Aris ha sneon har earste oefenwedstriid spile. Yn Uithuizen namen se it op tsjin lânskampioen Donar út Grins. Dy wie in maatsje te grut foar de Ljouwerters: Aris ferlear mei 83-54. De kommende wiken binne mear oefenwedstriden yn Dútslân en yn België. Yn oktober begjint de kompetysje.