Darter Rick Hofstra nei tv-toernoai Finder Darts Masters

Rick Hofstra yn aksje by de Six Nations Cup
Darter Rick Hofstra fan Snits hat him sneontejûn pleatst foar de Finder Darts Masters yn Egmond oan See. Dat betsjut dat der njonken Danny Noppert noch in Fries spilet op it telefyzjetoernoai, yn desimber fan dit jier. Hofstra pleatste him sneon troch it jierlikse kwalifikaasjetoernoai yn Hotel Zuiderduin te winnen. Yn de finale wie er mei 2-0 yn sets te sterk foar Jeffrey Stigter.
De winst fan de Snitser is opmerklik. Foarich jier naam de eardere kwartfinalist op Lakeside (2014) ôfskied fan it ynternasjonale sirkwy. Troch de winst yn Egmond oan See mei Hofstra him dochs wer opmeitsje foar in telefyzjetoernoai.
De Finder Darts Masters is it iennige offisjele telefyzjetoernoai yn Nederlân.