Dekhynst Eise 489 opnij Nederlânsk kampioen

02 sep 2017 - 15:23

De Fryske dekhynst Eise 489 hat sneon syn Nederlânske kampioenstitel mei súkses ferdigene. Op it konkoers hippyk yn Droegeham pakte Jelmer Chardon op 'e nij de nasjonale titel. Chardon wie optein mei syn twadde NK-oerwinning. "Dit is geweldich, mar ik moast der wol foar fjochtsje hjoed. De konkurrinsje is grut. Om op sa'n kampioenskip te knallen, dat is fantastysk. Ik hearde in soad publyk by ús klappen, dus dan wist: dit moat slagje hjoed."

Mei de jonge Fryske dekhynst hat Chardon boppedat in hynder yn hannen dat noch jierren meikin. "Eise is myn maatsje, as jo mei sa'n hynst winne kinne, is dat geweldich."

Eareklasse KWPN túchhynders

Harry van Middelaar hat sneon de nasjonale titel pakt yn de eareklasse KWPN túchhynders. Mei syn hynder Brandy naam er de titel oer fan Leendert Veerman, dy't dit jier tredde waard. It twadde plak wie foar Lambertus Huckride.

Van Middelaar hat in soad jonge hynders yn oplieding, dêr't er in soad fan ferwachtet. Ek de konkurrinsje is goed oan de slach, fynt er: "In de baan moet je strijden, maar buiten de baan is er volop contact."

Klaverke Trije

Feike Holtrop fan Baaium is sneon winner wurden fan it kampioenskip Klaverke Trije. By it konkoers hippyk yn Droegeham waard it kampioenskip op 'e nij ferriden, neidat der yn july yn Norg twa trijespannen op 'e kletter gongen. Fandêr dat it kampioenskip sneon ynhelle waard. De twadde priis wie foar Sybren Minkema út Fryske Peallen, folge troch Frits de Jong fan Spannenburch, dy't tredde waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)