Sneontemoarn binne by Koarnwertersân twa auto's mei elkoar yn botsing kaam. Der is flinke skea, mar nimmen is ferwûne rekke. It ûngelok hat in koarte file feroarsake om't der ien rydstrook ôfsletten wurde moast.