Oerfaller Ljouwert noch net pakt

02 sep 2017 - 09:04

De dieder fan de wapene oerfal freedtejûn op in supermerk yn Ljouwert is noch hieltyd net oanhâlden. Dat sei de plysje sneontemoarn. By de oerfal, freedtemiddei by supermerk Jumbo oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert is in fjoerwapen brûkt om in meiwurkster fan de sliterij te bedriigjen. De dieder hat jild út de kassa meinaam. It feit dat der in fjoerwapen brûkt is makket de saak hiel earnstich, seit wurdfierster Marian van Ark fan de plysje. "De medewerkster is behoorlijk van slag en bang. Als je bang bent dat je wordt doodgeschoten heeft dat een grote impact op je. Vandaar dat we deze zaak met hoge prioriteit behandelen."

Neffens de plysje is de dieder in donker tinte man fan in jier as 35, mei in stoppelburdsje. Fierder hie er in donkere jas oan en in sinnebril en brune pet op. Minsken dy't mear ynformaasje hawwe wurde oproppen har te melden by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)