Epke Zonderland troch fal net yn wrâldbekerfinale op rek

Epke Zonderland oan de rekstôk (argyffoto) © ANP
Epke Zonderland hat him by de wrâldbekerwedstriid turnjen yn it Bulgaarske Varna net pleatst foar de finale op rek. De Olympysk kampioen fan London 2012 gie twa kear ûnderút. De 31-jierrige Lemster einige dêrtroch op it santjinde plak mei in skoare fan 11.900 punten. Op it ûnderdiel brêge helle Zonderland de finale wol. Hy kwalifisearre him mei in skoare fan 14.100 as sechsde. Dy finale is snein.