Plysje siket wapene oerfaller yn Ljouwert

In man hat freedtemiddei in wapene oerfal dien by supermerk Jumbo oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert. Dat barde om 17.00 oere hinne. Hy bedrige in meiwurkster fan de sliterij dêr. It is net bekend wat de man bút makke hat. De plysje siket yn de omjouwing nei de oerfaller en hat in oprop dien op Burgernet.
Neffens de plysje giet it om in donker tinte man fan in jier as 35, mei in stoppelburdsje. Fierder hie er in donkere jas oan en in sinnebril en brune pet op. It is net dúdlik oft er rinnend of op de fyts útnaaid is. By de oerfal is net ien ferwûne rekke.