Kollum: "De Jonge Jan"

"Yn 2006 betochten wy dat we wol wer skûtsjesile woene. Us bern wiene net pypjong mear en it like my ek wol wer leuk ta. Eartiids hiene we de ‘Zeldenrust’. Jelle en ik wiene faak op ’en paad mei dat skûtsje. It wie in hearlike tiid. We sliepten yn it achterûnder en mei moai waar oan dek. We diene ek mei oan de IFKS. De bemanning sliepte doe op matrassen yn it rom ûnder de lûken. Itensiede diene we om bar yn it roefke of op ‘e wâl mar ik moat sizze dat ik no ek wol hiel wiis bin mei ús folchboat de Ouwe Piet en de catering.
Doe’t wy ferhuze binne fan Ljouwert nei Warten, hawwe wy dat op de ‘Zeldenrust’ dien. Ik wie doe heechswanger fan Fonger en de IFKS wie yn ‘e perioade dat ik ek sawat útrekkene wie. As Jelle sile moast, hie er in piper mei foar it gefal dat. Mar Fonger liet op him wachtsje en is op 26 augustus berne. Neidat ús Rixt derby kaam, hawwe wy de ‘Zeldenrust’ ferkocht. We koene net sa maklik mear tegearre der op út en it silen hie ek net mear de prioriteit.
Dat feroare allegear wer doe’t yn 2007 ‘De Jonge Jan’ op ús paad kaam. Jelle fûn it altyd al in pachtich skûtsje en it hat eartiids ek in protte yn Warten lein. Boud yn 1911 op ‘e Piip yn Drachten by de Roorda’s foar Sytze Sytema en letter wie it fan syn bern Jan en Jel. Sy hawwe in soad syld mei in Wartenster skipper en bemanning en der binne ferhalen dat se doe besocht hawwe ‘De Jonge Jan’ keapje te wollen om yn ‘e SKS foar Warten te silen. Dat plan is mislearre mar it skûtsje is al werom yn Warten. It ferhaal is eins krekt in mearke en alle kearen as wy de flagge yn ‘e mêst ha, dan hinget de Wartenster flagge deryn mar ek ien dêr’t de âlde Jan en Jel opsteane.
Jelle wie sa bliid doe’t ‘De Jonge Jan’ fan ús wie! Hy siet by de keukentafel te glimkjen en sa freeslik te bearen dat de bern op it lêst rôpen: ‘Ja, heit! We witte it no wol!’ Fonger wie doe 14 jier en waard peiler. De oare bern wiene noch te jong om bemanning te wurden en ik gong ek net mear mei. Dat seach ik net sitten. Rixt wie 11 jier. Hylke wie hast 7- en Teunis 6 jier en ik woe dy beide apen net achterlitte by in oar op it wetter.
We hawwe in glorieuze tiid hân mei ‘De Jonge Jan’. Fuortendalik kampioen yn ‘e C-, doe yn ‘e B- en dêrnei yn ‘e A klasse. Dat hat noch noait in skûtsje dien en ús bern mienden mar dat it normaal wie om alle jierren op it poadium te stean. Doe’t we in kear gjin priis hiene, wie dat in nuvere gewaarwurding, ek foar de oare bemanningsleden. Se wiene bot bedoarn mei al dy poadiumplakken.
No is Fonger alwer twa jier skipper, sit Rixt yn ‘e roef, Hylke by it swurd en Teunis is ek wol gauris mei. Us skoansoan sit by de grutskoat, myn neefke is peiler en in oare neef is foarhâlder by de fok. Hy sylde al mei op ‘e ‘Zeldenrust’, doe wie er in jier as 15. Mar eins binne alle bemanningsleden sa stadichoan famylje wurden en sa ferbine al dy skûtsjes al jierrenlang in soad minsken mei elkoar.
Us bemanning stie wer op it poadium want se wiene kampioen yn ‘e B-klasse en de huldiging yn Warten wie bearegesellich."