Oscar Dros: "It hiele Noarden is in stik feiliger wurden"

Fryslân, en eins it hiele Noarden fan Nederlân, is de ôfrûne jierren in stik feiliger wurden. Dat seit plysjesjef Oscar Dros. Hy giet fuort út it Noarden. Mei yngong fan ien septimber is er de baas fan de plysje yn it easten fan it lân.
Dros hat fjouwer jier sjef west fan de Noard-Nederlânske plysje. Syn taken wurde foarearst oernaam troch Ronald Zwarter. Dy wie al plakferfangend plysjesjef.