Sneon lêste dei fan de biblioteek Ljouwert yn it beursgebou

Meiwurkers fan de Ljouwerter biblioteek binne al fiif wiken lang oan it ynpakken en der lizze oeral ferhúsdoazen. Oan de 37-jierige skiednis fan de biblioteek yn it beursgebou komt in ein want de ferbou set útein foar in nije gebrûker; de Ryksuniversiteit Grins.
Sneon kinne minsken der foar it lêst hinne om boeken. Op 15 septimber giet der in spesjale Pop-Up Byb iepen oan it Saailân. Dy bliuwt iepen oant de nije lokaasje foar de biblioteek klear is. Dat is de Blokhúspoarte.