Oprop: Fryslân siket nije mûnders

31 aug 2017 - 14:06

It Gild Fryske Mounders siket minsken dy't in oplieding ta frijwillich mûnder folgje wolle. De oplieding duorret twa jier en bestiet benammen út praktyklessen. It gild besiket alle jierren sa'n tritich oant fjirtich mûnders op te lieden. Op dit stuit binne der genôch mûnders om de Fryske mûnen draaie te litten. Om dat ek yn de takomst dwaan te kinnen besiket it gild nije minsken op te lieden. Dy kinne der ek foar soargje dat de mûnen faker draaie omdat der mear mankrêft beskikber is.

Op 9 septimber hâldt it Gild Fryske Mounders in iepen dei. Dêr is ynformaasje te krijen oer de oplieding, dy stiet ek op www.molenaarworden.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)