Fuotbalklup Broekster Wâlden is klear foar nij plan KNVB

Op de fuotbalfjilden fan Broekster Wâlden yn Damwâld binne se wol klear foar it nije seizoen. Se ha it nedige oanpasse moatten kwa materialen en personiele besetting, fanwegen it nije jeugdplan fan it fuotbalbûn KNVB. De fjilden en goals binne lytser makke en der binne mear trainers en frijwilligers. "Ja it is op papier allegear goed slagge mei de feroaringen. Ik bin benijd hoe't it yn de praktyk wurkje sil. Wy sjogge it as in learjier", seit René Peterson, haad jeugdoplieding by Broekster Wâlden.
Faker skoare
Ien fuotballerke by Broekster Wâlden hat wol nocht oan de lytsere teams en lytsere fjilden: "Dan kinst faker skoare!" Oft de feroaringen ek echt goed foldogge, dat moat kommende sneon bliken dwaan, want dan spilet Broekster Wâlden harren earste bekerwedstriid mei de nije spulfoarmen.