Krijt LF2018 no 1,4 of 4 miljoen besikers?

Kin LF2018 no 1,4 of 4 miljoen minsken ferwachtsje takom jier? Oer dy fraach is opskuor ûntstien. De ôfskied nimmend direkteur Lieven Bertels fan Kulturele Haadstêd 2018 seit yn it Frysk Deibled dat it tal ferwachte besikers oan LF2018 bysteld is fan 4 miljoen nei 1,4 miljoen.
Neffens de Ljouwerter VVD fraksje is dizze útspraak yn striid mei de ynformaasje dy't de gemeenteried krigen hat. De partij is dan ek fernuvere en wol fan it kolleezje fan b. en w. witte oft de nije rûzing fan Bertels korrekt is en oft de gemeente hjirfan op de hichte wie. Safolle minder besikers betsjut neffens de VVD dat de begrutte opbringst fan 79 miljoen euro fan Kulturele Haadstêd mooglik yn gefaar komt. De fraksje wol witte hoe't de 79 miljoen euro opbrocht wurdt mei mar 1,4 miljoen besikers. Dy soene dan yn stee fan 20 euro no 55 euro per persoan útjaan moatte.