Keunstwurken fan iuwenâlde popelieren yn Aldegea

© Meindert de Boer
Wat dogge je mei trije treasteleaze beamstammen? Doarpsbelang Aldegea (Smellingerlân) seach de restanten fan trije grutte iuwenâlde popelieren, en wist it wol: se hawwe der keunst fan makke. Fan 'e moarn wie de ûntbleating fan de beamkeunstwurken. De beammen moasten omseage wurde om't se te gefaarlik wiene. Wat oerbleau wiene trije treasteleaze stammen.
Keunstner Rolf Döderlein de Win en betinker Marijn Kleinhuis hawwe dêr no trije keunstwurken fan makke. Marijn Kleinhuis sit op de pleatslike basisskoalle, en betocht om fan de beamstammen trije bisten te meitsjen: in ûle, in otter en in earrebarre. Hjirmei wurde de frijwilligers eare dy't harren ynset hawwe om dizze bisten werom te bringen yn de natuer om it doarp hinne.