File by rotonde De Jouwer fanwege wurksumheden
By de rotonde fan De Jouwer stiet op it stuit in file fan goed 5 kilometer. De file is ûntstien fanwege wurksumheden oan it knooppunt. Benammen it ferkear dat fia de A6 út de rjochting fan Emmeloord komt moat rekken hâlde mei fertraging, sa meldt de ferkearstsjinst VID.