Acht kraanfûgelpearen Fochtelerfean bringe mar twa jongen

29 aug 2017 - 11:27

Kraanfûgels yn it Fochtelerfean hawwe dit jier amper jongen krigen. De drûchte fan dizze maaitiid is dêr ien fan de oarsaken fan, kraanfûgels sykje krekt wiete gebieten op om te nesteljen. Yn it Fochtelerfean sieten neffens Natuurmonumenten dit jier acht kraanfûgelpearen. Twa dêrfan hawwe aaien hân en by ien pear resultearre dat yn twa jongen.

Ek op oare plakken kamen der net in soad jongen by. De 22 kraanfûgelpearen dy't Natuurmonumenten yn Nederlân teld hat, krigen der mei-elkoar mar njoggen.

Trefwurden: 
kraanfûgel Fochtelerfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)