Protte nij guod foar wettersport op HISWA yn Amsterdam

Nije boaten yn alle soarten en maten, dy binne de kommende seis dagen te bewûnderjen op de HISWA te Water yn Amsterdam. De HISWA is net allinnich de grutste botesjow fan Nederlân, mar ek dé kâns foar Nederlânske en bûtenlânske jachtbouwers om harren boaten en nautyske produkten te presintearjen.
Henk van der Berg fan Seafaring Yachts út Grou stiet dizze wike ek op de HISWA te water en hopet de minsken entûsjast te meitsjen oer syn motorjacht. "De trend dit jier op de HISWA binne de strakke linen fan de nije boaten", seit Van den Berg. "Dit jout binnenyn it skip in hiel soad romte, sicht en ljocht." Hy is derfan oertsjûge dat dit minsken oansprekke sil.
Neffens Van den Berg hawwe boatsjefarders wer wat mear te besteegjen troch de oanlûkende ekonomy. Hy ferwachtet dan ek goede saken te dwaan op dizze edysje fan de HISWA en tinkt dat wy yn de takomst syn jachten ek mear en mear op de Fryske marren sjen sille.