Stank en bistjes yn 'e kontener? Sa hâlde je him skjin

It is op it stuit wer folop simmer yn Fryslân. Dizze waarme tiid fan it jier soarget al gau foar oerlêst fan bistjes en stank by de ôffalkonteners. Mar wat helpt no tsjin dy bistjes en stank? Omrin jout op harren webside tips tsjin de oerlêst. Inkelde fan dizze tips binne:
1. Lis in ôffalbakje yn de friezer dêr't jo de resten fan fleis en fisk yn bewarje oant de dei dat de konteners lege wurde.
2. Meitsje gebrûk fan biologysk ôfbrekbere pûdsjes, dizze kinne gewoan yn de biobak.
3. Lis in takje hedera (klimop) of hingje in panty mei motteballen yn de biobak. Dizze binne giftich foar maitsen.