Fakânsjes hast ôfrûn: wer in soad studinten yn Ljouwert

No't de fakânsje wer op syn ein rint, komme ek de studinten wer nei Ljouwert werom. Dizze wike binne der in soad yntroduksje-aktiviteiten en moandei wie it fuortendaliks al smoardrok yn de stêd. Op it Saailân, de Lange Piip, teäter Schaaf en yn de Harmonie wienen tal fan aktiviteiten organisearre. It tal earstejiers studinten is mei 3.000 ûngefear gelyk oan de jierren hjirfoar. Pas yn oktober komme de detaillearre sifers, wêryn ek sichtber wurdt hokker opliedingen it sterkst groeie.
Opmerklik wie dat ferskate studinten de reputaasje fan Ljouwert as stúdzjestêd behoarlik heech hawwe. Sels yn in ûnderlinge ôfwaging mei Amsterdam fertelde in studinte foar Ljouwert te kiezen: ''De mensen zijn hier heel aardig en sociaal''.