Plysje warskôget foar stellerij sinnewizers

De stellen sinnewizer © Facebook, Politie Zuidoost Fryslân
Dieven hawwe it hieltyd faker foarsjoen op sinnewizers. Se stean faak iepen en bleat by minsken yn de tún en binne rôversguod. De plysje yn Súdeast-Fryslân warskôget minsken op Facebook foar de stellerij. Se hawwe dit wykein in stellen sinnewizer oantroffen by de iisbaan yn Aldhoarne en binne noch op syk nei de eigener derfan.