Ungelok by farvjen skip waard Poalske matroas fataal

Binnenfeartskip Viking mei dêrneist de boatsjes fan de helptsjinsten © CAMJO media
De 56-jierrige matroas út Poalen dy't snein oerboard sloech op de Iselmar by De Lemmer is troch in needlottich ûngelok om it libben kaam. Dat lit de plysje witte, op basis fan ûndersyk nei de tadracht fan de dea fan de man. De matroas wie oan it farvjen op it binnenfeartskip Viking en rekke dêrby yn it wetter. Hy hie op dat momint gjin rêdingsfest om. De arbeidsynspeksje docht fierder ûndersyk nei it ûngelok.
De Poal sloech sneintemoarn oerboard, en wie lange tiid fermist. Helptsjinsten sochten mei ferskate boaten en in helikopter nei de man, mar koenen him net mear rêde. It lichem fan de man waard yn de rin fan de middei fûn.