Auto fljocht yn 'e brân yn winkelstrjitte De Jouwer

© BTBfotografie
Yn de Midstrjitte op De Jouwer is moandeitemoarn in auto foar in part útbaarnd. Omstanners seagen reek út de motorkape fan de auto kommen. Se kamen fuortendaliks yn aksje en besochten de brân sels te blussen. De brânwacht wie fluch op it plak fan de brân en hat de minsken holpen de autobrân fierder út te krijen. It is net dúdlik hoe't de brân krekt ûntstean koe.