Dûme hierders easkje mear as ien waskmasine foar 70 minsken

Guon hierders yn de apparteminten fan The Block oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert betelje hast 200 euro yn 'e moanne oan keale hier tefolle. Dat docht bliken út in rapport fan de lanlike hierkommisje dat yn hannen is fan Omrop Fryslân.
De kommisje hat ûndersyk dien nei de hichte fan de hierpriis oan de hân fan in puntesysteem. Yn totaal hawwe sa'n 65 hierders oanjûn de hichte fan de hierpriis foar har appartemint toetse te litten troch de hierkommisje.
Spesjale sitting
Dy behannelje de saak moandei yn in spesjale sitting op it provinsjehûs. De ferhierder, Bakkers en Hommen Waerdevast út Eindhoven, krijt dan de kâns om yn te gean op de befiningen fan de hierkommisje. Pas nei in oantal wiken folget in definitive útspraak.
Yn it rapport sprekt in rapporteur sels fan in 'mogelijk gevaarlijke situatie' yn it gebou. De rapporteur konstatearre dat de liften yn it gebou yn it wetter stean. Dêrtroch binne se net te brûken. De hierders fine dat se tefolle hier betelje om't neffens har der in tal saken net goed yn oarder is.
Ien waskmasine
Sûnt it gebou yn de simmer fan 2016 oplevere waard binne der in soad saken net ôfmakke. Sa soe der neffens de hierders in fytsestalling komme, mar wurdt dy no net mear boud. Itselde jildt foar de balkons dy't rûnom de apparteminten komme soenen.
Bûten it gebou ûntbrekt ferljochting en de twa liften yn it kompleks binne stikken en ôfkard. Hierders is de belofte dien dat der in waskerij komme soe, mar moatte it no noch dwaan mei ien waskmasine foar 70 hierders.
Te min begrip
Yn de apparteminten wie eartiids it ministearje fan Lânbou fêstige. Neffens Tom Bakkers fan Bakkers en Hommen Waerdevast toane de hierders min begryp foar de tiid dy't it kostet om de saken dy't net yn oarder binne oan te pakken.
"Daar is weinig begrip voor. De aannemer heeft in de bouw fouten gemaakt en eigenlijk is het gebouw te vroeg opgeleverd waardoor niet alles klaar was," sa seit Bakkers.
Kompensaasje
Dochs hawwe de hierders wol kompensaasjes hân. "Zowel voor de servicekosten als voor de huur zijn de huurders enige tijd gecompenseerd. Het is jammer dat de huurders op deze manier gekort willen worden op de kale huurprijs. Het stadium van de dialoog is op deze manier wel voorbij."