Autokoereur Nyck de Vries wurdt twadde by sprintrace yn Spa

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is sneintemoarn twadde wurden yn de F2-sprintrace yn it Belgyske Spa. Hy einige nei de Braziliaan Sergio Sette Camara dy't foar it Nederlânske team MP Motosport de winst pakte. Foar De Vries wie it syn alderearste sprintrace mei syn nije team Racing Engineering. Hy starte fan plak 4 ôf mar skode al gau troch nei de twadde posysje en stie dy net mear ôf.
Yn it klassemint stiet De Vries no op it sechde plak mei 96 punten.