Genemuiden skeakelet Bûtenpost út foar de KNVB-beker

VV Bûtenpost is sneontemiddei troch Genemuiden útskeakele yn it KNVB-bekertoernoai. Bûtenpost ferlear op eigen fjild mei 2-0. Op papier wie Genemuiden ek de sterkere ploech, mar toch koe Bûtenpost yn de earste helte goed meikomme. Beide ploegen krigen kânsen, mar by rêst wie it noch 0-0.
De twadde helte joech eins itselde byld, oant yn de 67e minút fanút it neat de 1-0 foel troch in goal fan Omar Kavak. In minút letter krige Bûtenpost de kâns op de lykmakker, mar Berend Schootstra kin de strafskop net benutte, de bal gie heech oer. In kertier foar tiid moast Genemuiden mei 10 man fierder, mar even letter jilde dat ek foar Bûtenpost. Berend Schootstra krige twa kear giel en moast derôf. Yn de alderlêste minút makke Genemuiden ek noch de 2-0.