Dief bedriget winkelmeiwurker mei mes

25 aug 2017 - 14:26

De plysje hat tongersdei yn Ljouwert in man út de stêd oanhâlden, omdat er de bedriuwslieder fan in winkel mei in mes bedrige hat. De man waard der yn in winkel oan de Oosterstrjitte op betrape dat er guod fuortpakte. Doe't de bedriuwslieder him der op oanspruts, luts er in mes en dêrnei naaide er út. In plysje op de fyts koe him al gau oanhâlde.

Omdat it net de earste kear wie dat de man de fout yngie, is er foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy hat him foar de kommende 14 dagen fêstset.

Trefwurden: 
mes winkel dief Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)