Gjin dúdlikheid foar hinneboeren nei debat

Hinneboeren binne net folle opsketten mei it debat tongersdei yn de Twadde Keamer oer it fipronil-skandaal. Der is foaral in soad praat oer it hoe en wat en net safolle oer wat it foar de boeren betsjut. Hinneboerin Anna Bron fan Drachtsterkompenije wie by it debat. Foarôfgeand oan dat debat ha oare Fryske hinneboeren aksjefierd yn Den Haach troch seane aaien út te dielen. "We ha net folle nijs heard, we hienen hope dat se mei in oplossing komme soenen, mar dat wie net sa. Dus we binne teloarsteld."
Anna Bron hat mei har man 32.000 hinnen yn it bedriuw. De skea rint yn de papieren. "We ha de hinnen no op in dieet, dat se lizze gjin aaien mear. Mar de ûndúdlikheid bliuwt en de tiid giet wol fierder. We binne no de hokken oan it skjinmeitsjen mar witte ek net goed wat wurket, we dogge it no mei wetterstofperokside."
Der komt in ûndersyk nei de fipronilkrisis, ûnder lieding fan âld-minister Winnie Sorgdrager.