Gjin twongen ûntslaggen by KwadrantGroep

By de KwadrantGroep wurde gjin minsken twongen ûntslein. Ek lûkt de organisaasje mear jild út foar de soarch en komme der petearen mei personiel dat mear wurkje wol. Dat hat de KwadrantGroep ôfpraat mei it fakbûn FNV. Beide partijen ha tongersdei om tafel sitten om te praten oer in list mei easken fan meiwurkers. Ek al binne der goede ôfspraken makke, de rêst by it personiel by de soarchynstelling is noch net werom. Dat seit de FNV nei oanlieding fan it petear.
Der is al in skoft ûnfrede by de ynstelling, benammen oer de wurkdruk. Dy is te heech en der binne te min minsken foar it wurk dat dien wurde moat. Ek hawwe der aksjes west. Dy lykje foarearst fan de baan no't der in dielakkoart leit. Dochs moatte der foar 1 oktober in oantal pinepunten oplost wurde, oars komme der wer aksjes, seit Maureen van der Pligt fan it FNV. By de KwadrantGroep wurkje mear as 6.000 minsken.
Neffens de KwadrantGroep wie it in goed petear mei it fakbûn en wolle beide partijen mei elkoar oplûke om de knyppunten op te lossen.