VVD Fryslân wol lokmiddels by jeien behâlde

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
By it jeien op bisten, moat gewoan gebrûk makke wurde kinne fan lokfûgels en loklûden. Dat fynt de provinsjale fraksje fan de VVD. Se neame it ferbod op lokfûgels en loklûden dan ek ûnwinsklik. Dit ferbod is sûnt 1 jannewaris dit jier fan krêft by it jeien op bisten dy't op de lanlike frijstellingslist stean.
Neffens de VVD binne de lokmiddels fan belang om de bisten op in goede wize te bestriden, sadat de skea dy't dizze bisten oanrjochtsje, beheind wurde kin. Se wolle dat it kolleezje fan Deputearre Steaten de steatssekretaris freget de wet sa gau mooglik oan te passen.