Trije jonges oppakt foar fernielingen moetingstún Snits

24 aug 2017 - 10:08

De plysje fan Snits hat trije jonges oppakt foar de fernielingen yn de moetingstún yn Snits, ôfrûne moandei. It binne twa jonges fan alve jier en ien jonge fan tolve jier út de wyk Noorderhoek, dêr't de tún ek leit. Se ha harren sels meld by de plysje. It motyf foar de fernielingen is noch ûnbekend, de plysje docht dêr ûndersyk nei.

Foarsitter Nel Veldman fan wykplatfoarm Noorderhoek is bot fan slach dat de fandalen noch sa jong binne én út de eigen wyk komme. Se begrypt net wêrom't se it dien hawwe. "Dit doet wat met je. Want juist voor deze kinderen organiseren wij activiteiten in de ontmoetingstuin. Dat zulke jonge kinderen dit hebben gedaan, vind ik heel erg. Zo jong, waarom?! Dit is echt even slikken."

Nel Veldman joech tiisdei al oan dat frijwilligers de tún wer yn âlde steat herstelle sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)