Ald-minister Sorgdrager liedt ûndersyk nei fipronil-skandaal

© ANP
Ald-minister fan justysje Winnie Sorgdrager sil it ûndersyk nei de fipronil-krisis liede. Dat hawwe steatssekretaris Van Dam fan Ekonomyske Saken en minister Schippers fan Folkssûnens bekend makke. Tongersdei is der in Keamerdebat oer de aaiekrisis.
Lânboubelange-organisaasje LTO sil tongersdei aksje fiere yn Den Haag troch seane aaien út te dielen. De hinneboeren dy't troffen binne troch de fipronil-krisis moatte mear finansjele stipe krije fan de oerheid. Dat skriuwt de LTO yn in brief oan steatssekretaris Van Dam.
Krityk
Der is in protte krityk op de NVWA, omdat dy net gau genôch yngripen hat, doe't bekend waard dat it giftige fipronil brûkt wie om hinnestâlen lúsfrij te meitsjen. It gefolch wie grutte finansjele skea foar plomfeehâlders.
Neffens LTO moat der in kompensaasjefûns komme, omdat hinnehâlders de skea wierskynlik net ferhelje kinne op it bedriuw Chickfriend, dat ferantwurdlik is foar de fipronil-fersprieding.