Nepmelding fan mishanneling by stasjon Camminghabuorren

23 aug 2017 - 12:08

De plysje hat tiisdeitejûn in melding krigen fan in mishanneling fan in frou op it stasjon fan Camminghabuorren yn Ljouwert. Doe't se mei meardere plysje-auto's oankamen, die bliken dat it om in groep sporters gie dy't dêr oefeningen die. Letter waard dúdlik dat de melder wol wist dat it om sporters gong, mar dat hy woe dat mei dizze melding de sporters fuortstjoerd wurde soene. De melder is dúdlik makke dat soks net de bedoeling is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)