Skea en triennen nei fernielingen Snitser moetingstún

22 aug 2017 - 18:32

De moetingstún yn de Snitser wyk Noorderhoek is yn trije oeren tiid fernield. Dat hat tûzenen euro's skea as gefolch en frijwilligers binne yn triennen. Grutte parten fan de tún wurde ôfskerme mei stiennen, mitsele muorkes fan bytiden wol twa meter heech. In soad muorren binne no mei grof geweld sloopt. Dat moat moandeitemiddei bard wêze tusken 15.00 en 18.00 oere. Frijwilligers hawwe in soad tiid stutsen yn de tún dêr't elkoar moetsje sintraal yn stiet.

Fan slach

It ha yn alle gefallen gjin jonge bern west, seit foarsitter Nel Veldman fan it wykplatfoarm, want dêrfoar ha sy de krêft net. Neffens Veldman binne de frijwilligers bot fan 't sintrum en hawwe sy mar kwealik sliepe kinnen. De plysje ûndersiket de saak. De wyk is fan doel alles wer op te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)