Slim ûngelok mei scootmobyl yn Drachten
Op de krusing fan de Noarderhegewei en De Lange West yn Drachten is tiisdeitemiddei in 45-jierrige man slim ferwûne rekke. De man siet yn syn scootmobyl en kaam yn botsing mei in frachtwein. Hoe't dat krekt barre koe, is noch net dúdlik. Foar de helpferliening is ûnder oare in ambulânse oproppen.